We meie in jier meisjen by it gebietsteam Sneek Noord fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It team Sneek Noord bestiet út sa’n 25 meiwurkers, dy’t harren alle dagen ynsette om helpfragen út de regio op te pakken. Soe dat dien wurde yn it Frysk, it Nederlânsk of yn it Snekers? Wat betsjut taal yn harren wurk en hoe geane se dêrmei om yn it kontakt mei-inoar as team en mei de soarchfregers?
Troch it jier hinne ynterviewe wy teamleden, sjogge we mei by in workshop psychology fan taal of taal yn it wurk en geane we mei it team yn petear oer taal yn it team.
Wolst it gebietsteam Sneek Noord ek folgje? Op dizze website kinst alle twa moannen in ôflevering lêze of sjen oer taal yn it gebietsteam.