Taalearmoede yn de agraryske sektor
Hoofd eraf, aardapper erop
Agnes Hornstra is psychiater en boeredochter, en wurket by de GGZ yn Ljouwert. Doe’t it toanielstik Maalkop yn 2019 op de planken kaam, waard sy as ekspert frege foar it neipetear. It stik giet oer in jonge melkfeehâlder dy’t syn bedriuw driget te ferliezen en sels út it libben stapt. Mei har ekspertize jout Agnes kursussen suïsidaliteit oan helpferlieners yn de psychiatry en oan húsartsen en de POH.
De taal fan de boer
Agnes: ‘It helpt fansels dat ik sels út in agrarysk fermidden kom. Ik snap wat der spilet en praat harren taal, mar troch myn oplieding en eigen ûnderfining kin ik no ek de oare kant beljochtsje. De measte Friezen binne net wend om te praten. It sit net yn ús kultuer. “We hawwe ’t der mar net oer”, wurdt der dan sein, mar it probleem wurdt dêr net lytser fan. Prate oer in probleem, en oer gefoel, helpt. Ekspresje is it tsjinoerstelde fan depresje, hearde ik ris sizzen.’
Ut de lanlike sifers blykt dat it persintaazje selsdeading yn de agraryske sektor relatyf heech is*. ‘En dan giet it net allinne om de mannen fansels’, ljochtet Agnes ta. ‘Ek boerinnen kampe mei sokke gedachten.’
Dêr binne ferskillende oarsaken foar. Sa docht bliken dat de ûnbestindichheid fan de oerheid wat de regel- en wetjouwing oanbelanget in faktor is. Dêrneist hawwe boeren te krijen mei in hege wurkdruk, en gauris libje se isolearre op ’e pleats, mar ek de ûnfoarspelberens fan sykte yn it fee, lykas tongblier, bargepest en fûgelgryp, jouwe grutte soargen. Net allinne finansjeel, mar ek it romjen fan fee, bygelyks foklinen dy’t al generaasjes meigean, kin liede ta eangsten of in depresje.
Hoe giet it mei dy?
Agnes: ‘As húsartsen agrariërs op it sprekoere krije dy’t se oars nea sjogge, is it belangryk dat der frege wurdt nei it wolwêzen fan de boer. It kin wêze dat it seare skouder bygelyks in utering is fan in psychysk probleem. En as dat sa is, wês dan net benaud om ek te freegjen oft sy wolris suïsidale gedachten hawwe. Mocht dat sa wêze, dan kinne sy terjochte by de POH, of oars trochferwiisd wurde. Hurd wurkje of allinne ferstanlike arguminten wurket net. It is belangryk dat we stil leare te stean’, ljochtet Agnes ta, ‘stilstean om te fielen en dy bewust te wêzen fan wat dyn gefoel dy ynjout. Earst mar ris werom nei de fiif b’s: bang, blij, bedroefd, boos en beschaamd’, seit se en beakenet hert oant búk ôf mei har hannen. ‘Werom nei it gefoel is dreech asto dat noait leard hast. Hoofd eraf, aardappel erop, sis ik dan, en ast dat yn ’t lykwicht bringe kinst mei dyn ferstanlike arguminten, is dat it begjin fan it opbetterjen.’
*Kijk voor meer informatie op:
www.113.nl en www.taboer.nl
Troch: Ciska Noordmans
Klik hier voor de Nederlandse vertaling van dit artikel (PDF).