Mobiel

Zoeken

Panel inhoud

Oan it wurd

Marije Woortman-van der Glas

Geplaatst op 28 november 2:15 minuten leestijd

Ek al binne it mar in pear wurdsjes

Wy treffe Marije yn it Frisius MC yn It Hearrenfean. Sy wurket dêr as obstetryferpleechkundige, berneferpleechkundige en laktaasjeferpleechkundige. Marije: ‘Ik wurkje al tweintich jier op de berneôfdieling. Doedestiids yn de Tjongerschans, wat no it Frisius wurden is. Yn ’e rin fan ’e tiid woe ik graach nije útdagingen derby en ha ik ferskate opliedingen folge. Dêrmei bin ik dûbeld spesjalisearre en de kombinaasje dêrfan makket it gewoan prachtich. Sa help en begelied ik babys, bern, froulju dy’t yn ferwachting binne, froulju dy’t krekt (wer) mem wurden binne en fansels ek de heiten.’

‘Fan hús út bin ik Nederlânsk, ik tink ek yn it Nederlânsk. Wol kin ik Frysk ferstean en prate. Dat ik Frysk probearje te praten mei pasjinten, fine minsken faak wol hiel noflik. Somtiden is it foar my nofliker om yn it Nederlânsk te praten. Dat jou ik dan oan en fine minsken noait in probleem’, fertelt Marije.

‘It Frisius MC hat gjin aktyf taalbelied, mar wy probearje altyd wol safolle mooglik oan te sluten by de taal fan de pasjint. Foaral yn spannende tiden en by spannende ûnderwerpen fine minsken it noflik om yn harren memmetaal te praten. Dat jildt foar de memmen, mar ek foar heiten is it hiel noflik om yn it Frysk te praten, om’t in befalling ek op harren in bêste impact hawwe kin.’ Marije follet oan: ‘As kollega’s ûnderling hawwe wy de ôfspraak dat wy Nederlânsk prate, om’t net elkenien Frysk ken. Wy hawwe wol in protte Fryske kollega’s dy’t mei-inoar Frysk prate.’

‘It belangrykste is dat je je bêst dogge om inoar te begripen en dat je respekt foar inoar hawwe’, seit Marije. ‘Sa doch ik altyd myn bêst om yn in frjemde taal wat basiswurdsjes te learen, lykas: hoe sis ik “goeiemoarn”. Ek al binne it mar in pear wurdsjes, dat is al sa moai. Leist ferbining, ek om’t in protte bûtenlânske minsken gjin Nederlânsk kenne en somtiden ek gjin Ingelsk. Wy hawwe wol de mooglikheid om de tolketelefoan te beljen. Dat is in foardiel by medyske ynformaasje, mar it soarget der ek foar datst minder ferbining mei-inoar makkest. Wy komme faak in hiel ein mei Google Translate of mei gebaren. Mei de hannen kinst goed útbyldzje dat in baby drinke moat, út in fleske of oan it boarst. Of dat in berntsje of mem koese moat.’

Marije ljochtet ta: ‘At der dingen net dúdlik binne, sjochst it faak wol oan ’e mimyk. Dêrom fyn ik taal ek moai en dat minsken harren iepenje. Sa wurket taal beide kanten op, foar in soarchprofessional om de pasjint te helpen en foar de pasjint om har of him goed te uterjen.’

Troch: Tineke Witteveen