Mobiel

Zoeken

Panel inhoud

Kom mar by ús en ék gewoan yn it Frysk

Jeannette Veltman wurket al 25 jier yn it sosjaal domein. Nei it ôfstudearjen hat sy wurke as maatskiplik wurker en dêrnei as sosjaal pedagogysk wurker. Jeannette: ‘Letter, yn 2015, bin ik by de gemeente Tytsjerksteradiel telâne kaam. Ik wurkje no as Casus regisseur Jeugd. Myn memmetaal is Frysk en myn ynteresse foar taal is al betiid begûn.’

‘Doe’t ik op Kurasao staazje rûn, ha ik wurke mei bern dy’t ûnder tasicht stiene. Foar harren, en ek foar mysels, wie it hiel belangryk om de taal te learen. Ik ha doedestiids Papiamintsk leard. Dat hat my echt wat brocht. Om’t ik harren memmetaal prate koe, krige ik it respekt fan de minsken en kaam ik folle fierder.’

‘It wurk dat ik doch fyn ik prachtich om’t je meirinne yn in kwetsbere tiid fan in bern (0-18 jier) en de famylje dêromhinne. Wy kinne net alles oplosse, mar wol ferskil meitsje. Ast dan in krûpke krigest fan in berntsje dan is dat wol hiel spesjaal en lit ek sjen dat wy foar him/har weardefol binne. Yn de rin fan de jierren groeie je goed yn dit wurk. Wy begeliede, mar krije sels ek goede begelieding wêr noadich.’

It gros fan de bern dêr’t Jeannette mei wurket, wurde oanmelden troch in skoalle, de âlden, helpferlieners dy’t al aktyf binne yn in húshâlding, fia GGD en/of in húsdokter. ‘Myn kollega’s en ik besjogge dan de kasus mei in gedrachswittenskipper’, fertelt Jeannette.

Jeannette: ‘Kinst tinke oan jonge bern mei in ûntwikkelingsefterstân, of in jongere dy’t net mear op skoalle komt, of âlden dy’t it net mear slagget om de problematyk foar/mei harren bern op te lossen. Wy geane yn petear mei de âlden en jeugdige en dogge ûndersyk nei wat der spilet en wat der nedich is. Dat kin in ferslaving wêze, mar bygelyks ek pesterijen of, bygelyks, in ûntwikkelingsefterstân. Mei de âlden en oare helpferlieners meitsje wy in ûndersteuningsplan.’

Dat taal derta docht werkent Jeannette ek yn har wurk. Jeannette: ‘Mear bewustwurding foar memmetaal soe fijn wêze. De grutste groep dêr’t wy mei wurkje praat Frysk en sjocht der ek net frjemd fan op dat wy Frysk binne. Ek komme wy meartalige situaasjes tsjin dêr’t memmetaal de krêft is. Sa is der in húshâlding mei in beukertwaling. Mem praat Nederlânsk, heit praat Ingelsk en de berntsjes jeuzelje harren earste wurdsjes yn it Frysk om’t pake en beppe echt mei it Frysk dwaande binne. Dan merk je de krêft fan taal. En talen hoege inoar net te biten, se kinne sa hiel moai neist elkoar bestean en elkoar fersterkje.’

‘Noch in bysûnder foarbyld is in mem dy’t in lichte beheining hat. Sy praat yn al har emoasjes allinne mar yn it Frysk. Sy moat dus ek echt holpen wurde yn it Frysk. En om’t it sa belangryk is dat minsken harren uterje kinne yn harren memmetaal, wurkje wy yn azc’s mei tolken.’

Jeannette ljochtet ta dat der ek mearwearde sit yn ambulante meiwurkers dy’t Frysk prate. Jeannette: ‘It is spitich dat, faaks lânlike ynstânsjes allinne mar Nederlânsk prate. Troch memmetaal te brûken krigest just mear betrouwen en leist makliker ferbining, sa stiest al in pear stappen foar.’

‘Yn alle gefallen stjoere wy bewust op taal. In noflike omgong en útstrieling is sa belangryk: ‘kom mar by ús en ék gewoan yn it Frysk!’

Troch: Tineke Witteveen