Mobiel

Zoeken

Panel inhoud

Prate mei alle sintugen

‘Kommunikaasje’ stypje foar en mei minsken mei in beheining. Yn de breedste sin fan it wurd is dat wat Afke Teertstra, Carolien Monsma en Jenny Winkel as logopedisten by Alliade yn Fryslân dogge. Elk op wat in oar gebiet. Fansels betsjut harren wurk noch folle mear en dêr fertelle se entûsjast oer.

Carolien: ‘Wy besykje op it Kinderdagcentrum (KDC) om in sa goed mooglik behannelklimaat te realisearjen. In goed behannelklimaat op ‘e groep hâldt yn dat (terapeutyske) doelen de hiele dei stimulearre wurde. Tink ek oan dat wy de behannelingen en kommunikaasje safolle mooglik passend meitsje foar de kliïnt en de kliïnt sa goed mooglik stypje by ûntwikkelingen, sadat se harrensels sa goed mooglik uterje kinne.’

“Wy kommunisearje mei hannen, plaatsjes, piktogrammen, foto’s, knoppen, foarwerpen
lykas kopkes en bestek, en spraakkompjûters”

Afke wurket no in goed jier as logopedist by Alliade en dêrnjonken as logopedist by Maeykehiem. Afke: ‘Ik wurkje mei folwoeksenen yn de leeftiid fan 18 oant 100. De ûntwikkelleeftiid fan de kliïnten leit om de 4 jier of leger. Wy ha te krijen mei kliïnten dy’t in ferstanlike beheining hawwe, en dat kin ek yn kombinaasje mei in lichaamlike beheining wêze.’

Carolien is trije jier logopediste by Alliade en wurket foar in part mei jongeren. Carolien: ‘Ik wurkje twa dagen mei folwoeksenen en ien dei op it KDC. Dêr jou ik terapy oan poppen en jongeren oant 18 jier dy’t ekstra soarch en begelieding nedich hawwe. Fan de jongeren wenje der ek in tal ûnder begelieding by ús yn jongereinwenten.’

Jenny wurket sân jier as logopediste by Alliade. Under oaren op it KDC yn Ljouwert en mei folwoeksenen mei in ferstanlike beheining: ‘Dêrneist wurkje ik krekt as Carolien mei bern yn de leeftiid oant 18 jier. Fierder wurkje wy ek noch op lokaasjes “dôfblyn (doofblind)”. Dat hâldt yn dat kliïnten hurdhearrich of dôf binne en tagelyk net goed sjen kinne of blyn binne.’

Oanslute by it nivo fan de kliïnt

Jenny fertelt: ‘It doel fan ús wurk is kommunikaasje stypje, yn de breedste sin fan it wurd. In hiel protte fan ús kliïnten kommunisearje non-ferbaal, troch net-sprutsen taal. Wy kommunisearje dan mei hannen, plaatsjes, piktogrammen, foto’s, knoppen en dingen lykas kopkes en bestek. Carolien follet oan: ‘Dat is maatwurk en per kliïnt ferskillend, oanslutend by de ûntwikkelleeftiid en it sosjaal en emosjoneel funksjonearjen. Der binne ferskate diagnostyske ynstruminten en fragelisten dy’t ús helpe om de kommunikaasje fan in kliïnt (bern of folwoeksene) goed yn kaart te bringen.’

‘Wy brûke ek ferwizers: foarwerpen dy’t steane foar in aktiviteit of hanneling. Bygelyks in slabbe as ferwizer foar “we sille ite”’

Carolien: ‘Neist de kommunikaasje dogge wy ek ‘gehoarscreenings’ en testen op it mêd fan iten en drinken. Hoe giet it bygelyks mei it kôgjen en slokken? Dêr jouwe wy ek advys foar, om’t net elke kliïnt alles samar ite en drinke kin of mei. Afke: ‘Wy jouwe advys fan jong oant âld en dat kin wêze dat kliïnten ferdikt drinke moatte, dat de konsistinsje fan it iten oanpast wurde moat, dat in kliïnt sondefieding krije moat, dat wy it itensark oanpasse of dat bygelyks de poarsje of it tempo fan it iten oanpast wurde moat.’

Afke fertelt oer in frou fan 54 jier yn in rolstoel dy’t praat fia har spraakkompjûter. Afke: ‘Se drukt dan op in plaatsje of typt har gedachten. De kompjûter is har stim en praat dan foar har. Wat se fertelt, kin oer fan alles gean, lykas har deiprogramma, aktiviteiten, ditsjes-en-datsjes, mar ek as se it ergens net mei iens is. Afke sjocht mei har nei de ynhâld fan de spraakkompjûter, de ynfolling fan de wurdskat. En wy leare de kliïnt en de omjouwing ek hoe’t sy de kompjûter brûke moatte. Sa kin se sa goed mooglik kommunisearje mei ús, mei de begelieders en mei har famylje of oare neisten. De kompjûter praat yn it Nederlânsk. Wy sprekke wolris wat yn it Frysk yn, al klinkt dat dochs oars. It soe moai wêze as der nochris in kompjûter komt dy’t Frysk praat, om’t in grut part fan de kliïnten Frysk is.’

Jenny: ‘By it KDC stiet de hiele spraak-/taalûntwikkeling sintraal. Der wurdt ek sjoen nei meartalichheid, om’t wy njonken in protte Fryske en Nederlânske bern ek bern krije mei in oare achtergrûn, sa as Turksk of Arabysk. De memmetaal is altyd de basis. Utgongspunt is om it fûnemint fan ien taal sa stevich mooglik te meitsjen. It moaie fan ús wurk is ek dat wy hiel fisueel wurkje. Piktogrammen binne yn alle talen itselde, ûnferskillich wat se fersteane en/of prate.’

Kommunisearje mei ‘ferwizers’

‘Wy hawwe ek te krijen mei kliïnten dy’t wol in bytsje talich binne, dan drukke se harren út mei wat wurdsjes’, fertelt Carolien. Stypjende kommunikaasje (ondersteunende communicatie) brûke wy in protte. Dêrfoar brûkst ‘ferwizers’ en dat is twaliddich, want wy wolle harren wat dúdlik meitsje én sy ús ek! Ferwizers binne dan foarwerpen dy’t steane foar in aktiviteit of hanneling. Bygelyks in slabbe as ferwizer foar ‘we sille ite’. Neist fiele, litte wy kliïnten ek in protte sjen. Sa kinst mei in beker dúdlik meitsje datst drinken bedoelst, of mei in foarke – dy’t se sjen en/of fiele kinne – dúdlik meitsje dat it om iten giet. Kinne se de slabbe of beker net sjen om’t sy blyn binne of min sjogge, dan kinne se de slabbe of beker wol fiele. By guon dy’t (foar in part) dôf en (foar in part) blyn binne, brûke wy ek it fjouwerhannegebareprinsipe (vierhandengebarenprincipe). Troch de hannen fan de kliïnt losjes fêst te hâlden en gebaren te meitsjen, kin de kliïnt de gebaren fiele. Sa kinst mei-inoar kommunisearje.’

Jenny fertelt: ‘By dôfblyn wurkje wy mei de metoade “kontakt”. Wy soargje dêrmei foar mear foarsisberens. Dat betsjut ûnder oaren dat wy mei de fuotten of knibbels tsjin de kliïnt oan sitten geane, sa witte sy: ik bin by dy en ik ha kontakt mei dy. Dan hawwe se ek yn ’e gaten datst der op dat momint folslein foar harren bist.’

‘Elk gedrach is kommunikaasje. Fertoant in kliïnt net-winske gedrach, sa as mei de holle bonke, dan feroardielje wy dat gedrach net, want dat gedrach komt ergens wei. Miskien wol troch frustraasje dy’t se net goed uterje kinne. Wy helpe dan ek altyd sa goed mooglik om de kliïnt hânfetten te jaan om it gedrach/gefoel oars te toanen,’ seit Carolien.

‘Wy sprekke wolris wat yn it Frysk yn, al klinkt dat op sa’n kompjûter dochs wat oars.’

Jenny slút ôf mei in bysûnder foarbyld: ‘Sa hawwe wy no ek in famke fan 4 jier dat in ferstanlike en motoaryske beheining hat. Wy leare har om bygelyks har tefredenheid of ûntefredenheid te uterjen. By in aktiviteit kinst dat dwaan mei knoppen “stop” of “nochris”, sa krije se dochs wat regy yn hannen.’

Troch: Tineke Witteveen