Mobiel

Zoeken

Panel inhoud

Dukke Dijkstra en Sjoerd Wymenga

Geplaatst op 10 juli 3:9 minuten leestijd

Brûk de eigenheid fan de kliïnt

Sjoerd Wymenga wurket as GZ-psycholooch en Dukke Dijkstra as Ortopedagooch. Beide by ferskate  lokaasjes fan Alliade yn Fryslân.

Sjoerd: ‘Wy wurkje foar minsken mei in ferstanlike beheining. Dêrfoar advisearje wy as behannelers de begelieding. De leeftiid fan de kliïnten dêr’t ik mei wurkje leit rûchwei tusken de 50 en 80 jier. Dêrby is harren ferstanlike leeftiid 4 oant 12 jier. Faak leit de emosjonele leeftiid leger as de ferstanlike leeftiid.’

Dukke: ‘Wy wurkje op ferskate lokaasjes dêr’t de kliïnten op meardere manieren wenje. Sa as selsstannich yn in appartemint. Of yn in appartemint wat ynpannich is of dêr’t se yn wengroepen wenje en in eigen keamer hawwe.’

De twa groepen mei kliïnten dêr’t Dukke mei wurket binne jongeren mei in licht oant matige ferstanlike beheining yn de leeftiid tusken 25 en 50 jier. Se kinne in protte selsstannich. Alle kliïnten hawwe 24-oeren soarch ta harren beskikking.

‘De kliïnt stiet altyd op ien. Brûk de eigenheid fan de kliïnt, brûk de eigen taal en foaral ek by/mei de neisten (lykas famylje).’

‘Wy dogge it mei-inoar as team. As pedagooch en psycholooch setsto dêrby de behannelwize út dy’tst oerleist mei ûnder oare de begelieders. Ek sette wy it perspektyf fan in kliïnt út, wêr wurkest mei-inoar oan om de kliïnt sa goed mooglik fierder te helpen? Lykas dat ien mear selsstannich dwaan kin, mear betrouwen kriget yn de begelieding of mei terapy wurket oan trauma’s, fertelt Sjoerd.

Dukke follet oan: ‘Der wurde ûndersiken dien nei de emosjonele ûntwikkeling, om’t it belangryk is dat wy sa goed mooglik mei behanneling en begelieding oanslute by de kliïnten en ek dat kliïnten harren behanneling sa goed mooglik begripe.’ Sjoerd: ‘Kinst it nivo net altyd goed sjen. Ien kin bygelyks hiel goed prate, mar dat seit net alles oer it kinnen en begripen.’

Sjoerd fertelt: ‘As wy in behannelpetear hawwe, dan is de kliïnt dêr altyd by. Wy slute graach oan by de taal dêr’t sy harren noflik by fiele. Faak is de begelieding net Frysk, mar dochs kin it Frysk wol noflik wêze foar in kliïnt. Kliïnten binne faak al beheind kwa taal, as se dan Frysk binne is it Nederlânsk folle lêstiger om te folgjen of te praten en oarsom ek. Dêrom it is sa belangryk dat wy sa folle mooglik oanslute by de memmetaal fan de kliïnt.’

‘De taalfeardigens fan kliïnten is faak net sa grut, wy oerskatte maklik harren nivo’, seit Dukke. ‘Dêrom is it belangryk om net lange sinnen of abstrakte (byld)taal te brûken. Mar just taal fisualisearje. Taal op in fysike wize stypje mei natuerlike ferwizing. Tink oan piktogrammen, foto’s of by it drinken mei in kopke of by it waskjen mei in handoek. Dat neamst stypjende kommunikaasje.’

Sjoerd: ‘Ek wurkje wy mei programma’s, dat wol sizze: in deiboerd of wikeboerd mei in yndieling. Dat jout struktuer foar de kliïnt. Wat foar de kliïnten faak dreech is, is it foljen fan frije tiid. De emosjonele leeftiid fan in kliïnt is dêrby hiel belangryk en kinst goed op ynspylje. Bygelyks: in berntsje fan 2,5 jier wol neist dy sitte en kontakt mei dy hâlde. Dat is ek sa foar sommige kliïnten.’

Sjoerd en Dukke ûnderstreekje beide: ‘De kliïnt stiet altyd op ien. Brûk de eigenheid fan de kliïnt, brûk de eigen taal en foaral ek by/mei de neisten (lykas famylje).’ “Profesjonele taal” is faak ûntwikkele yn it Nederlânsk, ek terminology. Yn it Frysk is dat (noch) minder ûntwikkele en dat makket datst minder djipgong hast. Om ús memmetaal brûken te bliuwen is it belangryk dat wy tûk neitinke oer taal. Soargje foar ynklusiviteit. Wy moatte oanslute by de kliïnt, dêr heart taal by en dat kin yn ús wurk noch mear. En dat sil grif ek sa wêze foar oare soarchprofessionals.’

Troch: Tineke Witteveen