Mobiel

Zoeken

Panel inhoud

Oan it wurd

Kerah Ninah Lap

Geplaatst op 21 maart 3:50 minuten leestijd

Oardielje net foardast yn in oar syn skuon stiest

‘Us ûnderfining is it ark dêr’t wy oaren mei helpe kinne’, seit Kerah Ninah Lap. ‘Mei ús eigen ûnderfining en dy as beropsûnderfiner kinne wy oanslute by de belibbingswrâld fan de helpfreger. Dat hat in protte foardielen. Wy kinne de helpfreger erkenning, werkenning en ek hoop meijaan: sjoch mar nei my, ik ha myn paad wer fûn, dat kinsto ek!’

Underfiningsdeskundich
Kerah Ninah is Teammanager fan it Herstelcentrum Friesland bij GGZ Friesland en ‘ervaringsdeskundige’ yn ’e soarch. Underfiningsdeskundige is noch in jong berop. Neist de eigen ûnderfining giet der ek in oplieding oan foarôf en sûnt 1 jannewaris 2023 bestiet der ek in beropskoade en in beropsregister foar. ‘It is wat oars as in lotgenoatekontakt, dêr stiet de útwikseling fan de eigen ûnderfiningen mei dy fan in oar sintraal’, leit Kerah Ninah út. ‘Beropsûnderfiningsdeskundigen ferfolje ferskate rollen, sa as bygelyks bûnsgenoat, rolmodel en kertiermakker. Mar se binne ek gauris de “tolk” tusken de helpfreger, de neisten en de behanneler. As de helpfreger der noch gjin wurden foar hat, dan kinne wy even byspringe.’

‘Non-verbale Communicatie vraagt ook een vertaalslag’

Kerah Ninah groeide op yn Amersfoort, mar thús waard der Frysk praat. Letter kaam se nei Fryslân werom en folge sy Fryske les by de Afûk. ‘Ast hjir wennest, moatst de taal eins ek lêze en skriuwe kinne, seit se dêroer. Mar nettsjinsteande dat se beide talen master wie, rûn it yn har wurk en har omjouwing net lekker. ‘Ik snapte der neat fan’, seit Kerah Ninah oer dy tiid. ‘Samar út it neat wei foelen myn kollega’s of freonen tsjin my út. Wêrom, tocht ik dan mismoedich.’ De problemen waarden sa grut dat se opnommen waard. Doe’t Kerah Ninah derachter kaam dat sy ASS hie, foelen de puzelstikjes teplak. ‘Guon dingen binne no ienris yngewikkelder foar my as foar oaren. Fage oantsjuttingen lykas “een beetje, een snufje”, en oare net-omkadere begripen binne lestich. Ek non-ferbale kommunikaasje gong folslein by my lâns. Dat ha ik echt leare moatten.’

Sawol non-ferbale kommunikaasje as ek ferbale kommunikaasje freget ynspanning. Soms bewust en soms ûnbewust. ‘Ik prate Nederlânsk mei myn behannelers, mar dat wurket altyd minder goed as wannear’tst dyn eigen taal prate meist. It giet stroefer omdat der in fertaalslach oerhinne moat. Yn dy tiid folge ik ek in skoftke psychomotoaryske terapy. Dy man prate Grinzersk. En by elke opdracht duorre it even foar’t ik snapte wat hy bedoelde. Ik bin derfan oertsjûge dat myn bewegingen floeiender west hiene as ik Frysk mei him prate kinnen hie.’

‘Als er geen wederkerigheid is, kun je net zo goed tegen een bakstenen muur praten’

In feilige taal
Taal is in belangryk ynstrumint foar de helpferliener yn de geastlike sûnenssoarch. ‘Dêr moatst soarchfâldich mei omgean’, follet Kerah Ninah oan. ‘Ik freegje kliïnten altyd hokker taal se prate wolle. Elkenien praat leafst syn memmetaal as it om gefoelssaken giet; de taal fan it hert. Us laitsjen en gûlen leit ommers yn ús memmetaal! 

Soms jouwe Frysktalige kliïnten oan dat se Nederlânsk prate wolle. Sy sette ûnbewust taal yn om ôfstân te kreëarjen. Hoe moai is it dan om dêr trochhinne te prippen en soks besprekber te meitsjen?’
Oars is it by it helpen fan minsken mei in migraasje-achtergrûn. Net elke helpferliener praat Frânsk, Sineesk of Arabysk. Yn dat gefal wurdt der meast Ingelsk praat, mar dan giet der in soad ferlern, neffens Kerah Ninah. 

‘Meastentiids jouwe kliïnten oan dat se bliid binne dat sy harsels wêze meie’, seit Kerah Ninah. ‘Taal helpt dêrby. Guon útdrukkingen sa as bygelyks de ikoanyske foarbylden ‘It kin net’ (Fijn, het past dus nipt!) en ‘nei ’t húske gean’ (Oh, waarom wil jij naar huis?) kinne samar ferkeard útlein wurde en dat stiet it herstelproses yn ’e wei. Dêrby is it ek wichtich dat helpferlieners de wite jas útdogge. Letterlik, mar fral figuerlik. Helpferlieners hoege harren net grutter te meitsjen. Harren rol yn it libben fan in kliïnt duorret ommers mar even. As kliïnten by dy opsjogge, sille sy dy net alles fertelle. Ast neist de kliïnt stiest, kinst harren dat gefoel fan feiligens meijaan. Oprjochte ynteresse, empatysk lústerje, erkenning en werkenning en harren befreegje sûnder oardiel is wichtich; oardielje net foardatst yn in oar syn skuon stiest, krige ik fan hús út mei, en dat helpt! As it net fan wjerskanten komt, kinst likegoed tsjin in bakstiennen muorre prate.
Witst wêr’t ik no echt bliid fan wurd?’ ferfolget Kerah Ninah, ‘as de kliïnten safier binne dat se sizze “Ik kin it sels wer. Tabee!!”’ 

Troch: Ciska Noordmans

Klik hier voor de Nederlandse vertaling van dit artikel (PDF).