Nije edysje magazine Taal yn ’e soarch
Der is in nije edysje fan ús magazine ‘Taal yn ’e soarch’ út! Spesjaal makke foar en mei professionals dy’t wurkje mei jongeren en jongvolwoeksenen. Wannear’t professionals yn de soarch de eigen taal bewust brûke, dan leveret dat harren foardiel op yn it kontakt mei pasjinten/kliïnten.
Ferskillende professionals út de soarch fertelle yn it magazine oer harren wurk en de rol fan taal deryn. Sa fertelle pleechmemmen Johanna en Betty fan Jeugdhulp Friesland oer de ‘mem’ dy’t sy binne foar harren pleech- en eigen bern. Dosint Richtje fan NHL Stenden hat it oer iensumens en hoe dreech it faaks is om dêr wurden oan te jaan. Sjoerd-Klaas nimt dy as ‘herstelfries’ mei yn syn eigen ferhaal en hoe’t hy as sjonger en Wâldpyk ek wer oaren helpt en gesinshelpferliener Rein fan GGZ Friesland komt by in protte jongeren oer de flier dy’t yn mindere tiiden sitte.
It magazine ‘Taal yn ’e soarch’ is ûnderdiel fan it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’, wêrmei’t de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes stimulearret.
Het magazine is digitaal te lezen en ook op papier verkrijgbaar. Mail naar friesindezorg@afuk.frl om het magazine aan te vragen.