It Frysk ferleget drompels
Nadine hat mear as 6 jier meiwurker fan it Gebietsteam Jeugd west en wurket no as POH-GGZ Jeugd & Gezin yn gemeente Achtkarspelen: ‘Tegearre mei in kollega wurkje ik foar alle húsdokterspraktiken yn ús gemeente. Minsken komme mei in probleem by de húsdokter, dy’t dêrnei nei ús trochferwiist’.
Wat spilet der?
‘Der moat dan besjoen wurde: Kin ik yn in tal petearen de helpfraach helder krije en miskien oplosse. Of moatte wy opskale nei it gebietsteam of trochferwize nei in oare partij dy’t better helpe kin? Us krêft as POH-GGZ Jeugd is dat der gjin wachtlist is. Minsken kinne gau, faak al binnen twa wiken, by ús terjochte.’
Gebietsteam Achtkarspelen biedt help oan ynwenners dy’t fragen hawwe oer de Wmo (Wet maatschappelijke ondersteuning), jongerein en partisipaasje. Mei de helpfragen dy’t binnen komme, geane se oan ’e slach. Earst mei in ûndersyk nei’t watfoar help it bêste is, tink oan diagnostyk, en watfoar helpferliening passend is. Foar bern kin dat bygelyks gean oer opfieding, gedrach of psychyske problemen.
Nadine follet oan: ‘Wy krije bygelyks fragen fan âlders sa as: “Myn bern rint fêst op skoalle”, “myn bern kin net meikomme yn ‘e groep” of “myn bern hat gedrachsproblemen”. Ek komme der kompleksere fragen binnen fia bygelyks “Veilig Thuis”. Passend by de situaasje biede wy dan yndividuele help oan it bern en ek oan de âlders. It kin wol wêze dat in gebietsteam jierren meirint mei in húshâlding, bygelyks by fjochtskiedingen of by húshâldens dy’t in protte stipe op ferskate gebieten nedich hawwe.’
Memmetaal
Nadine: ‘Yn de praktyk prate de measte fêste húsdokters Frysk. De measte pasjinten yn dizze omkriten prate ek Frysk. Ik freegje my wol ris ôf oft oare minsken wol trochhawwe hoe belangryk taal is. Foar my is it hiel belangryk en dat wol ik ek graach meijaan oan oaren. Troch oan it begjin fan in petear te freegjen oft it yn it Frysk of Nederlânsk kin, nim ik drekst in drompel wei, om’t se dan witte dat ik Frysk praat.’
‘Sa iepene it myn eagen ek doe’t ik mei in tolk wurkje moast. Foar my as helpferliener is dat lestich, mar ek foar de pasjint. Je sprekke inoars taal net en dat kreëaret ôfstân. En dat is krekt watst net wolst at minsken soarch nedich hawwe. Dus tink dy mar ris yn “Wat as ik myn taal kwyt bin…”.
‘Ik kom ek meartalige húshâldens tsjin. Mem praat Frysk en it bern Nederlânsk. Ik switch dan maklik tusken twa talen. It belangrykste is dat it bern my ferstean kin. Sa kin ik him/har it bêste helpe.’
Verdragen is vertragen
‘In kollega sei ris “verdragen is vertragen” en dat is ek belangryk foar dysels om dingen in plakje te jaan’, fertelt Nadine. ‘Wy binne helpferlieners en wolle graach sa gau mooglik helpe en oplosse. Dat kin net altyd. Soms kinne minsken net tsien ballen yn ’e loft hâlde en freget it tiid. Dy tiid joust harren, mar dysels ek. Sa skeakelje wy in soad en probearje wy altyd om sa goed mooglik te helpen.’
Troch: Tineke Witteveen