Mobiel

Zoeken

Panel inhoud

Oan it wurd

Tina Veenstra

Geplaatst op 29 november 2:27 minuten leestijd

Tina Veenstra wurket sûnt trije jier by Interzorg Groep, en it is har earste funksje as wykferpleech-kundige. Har wurkgebiet leit yn de Wâlden ûnder Dokkum, by Damwâld, Broeksterwâld, Wâlterswâld en yn Dokkum en omkriten. Sy is as wykferpleechkundige ferantwurdlik foar de soarch yn dy regio en bepaalt hokker soarch ien nedich hat of hoelang’t de soarch ynsetten wurdt, wannear’t der in soarchfraach komt.
Tina: ‘Somtiden sjochst by in yndikaasjebesite dat der eins mear soarch nedich is as datst nei oanlieding fan it earste telefoanyske kontakt ynskatten hast. Dan binne der dochs mear risiko’s as dat de kliïnt sels ûnderfynt.’ De soarch wurdt troch de planners útsetten en it soarchteam rint de rûte. ‘As wykferpleechkundige kin ik derfoar kieze om yn guon gefallen ek sels soarch te ferlienen, bygelyks om ynsjoch te krijen yn de situaasje. Want soarch kostet tiid, dy’t goed ynsetten wurde moat. Soms kin it mei minder ta en soms moat it mear wurde’, ferdúdliket Tina.

‘Yn de regio hawwe wy te krijen mei in soad kwetsbere âlderen, faak mei lichaamlike en psychyske problemen, sa as minsken mei in foarm fan demintens en mei oare psychyske oandwaningen. Dochs giet it meast net om langduorjende soarch. We besykje dan ek altyd mei de mantelsoargers de soarchfraach yn te foljen. It is moai as de neisten fan de kliïnt ek in stikje fan de soarchtaken op har nimme kinne en wolle.’

Wâldfrysk
Lykas oeral yn Nederlân fernimt Tina dat in protte minsken it leafst harren memmetaal prate. By de doelgroep yn har omkriten is dat Frysk of Nederlânsk. Tina: ‘As ik net wis bin oft de minsken Nederlânsk- of Frysktalich binne, dan tsjek ik dat even. Ik skeakelje sels like maklik fan it Nederlânsk nei it Frysk en wer werom. De measten prate hjir Wâldfrysk. Krekt even oars as hoe’t ik it wend wie thús, mar fierder kom ik hjir net in soad oarstaligen tsjin. Ast allegear deselde taal praatst, ferstiest en begrypst inoar yn ’e regel sûnder in soad muoite.’ Ien kear kaam Tina by in kliïnt dy’t tige Frysksinnich wie. De man yn kwestje woe it Nederlânsktalige soarchplan net ûndertekenje. Tina: ‘Ja, dan sitte je wol even mei de hannen yn it hier. Frysk of Nederlânsk makket foar my neat út, mar foar dy man lei dat oars. Syn memmetaal betsjutte alles foar him, as wie ’t in ûnderdiel fan syn DNA.’ It ferskaat oan talen en streektalen is klearebare rykdom foar Tina. ‘Ik ha fan dy kliïnt in soad Fryske wurden leard dy’t ik noch net koe. “Jitris” (nochris) is dêr ien fan’, fertelt sy.

In talich ynsidint
It ynsidint is ek bepraat mei de kollega’s op it wurk. Tina: ‘Dat makket dy wer even bewust hoe om te gean mei it ferskaat oan talen.’ Is taal in transportmiddel om te kommunisearjen, of is it folle mear? Faaks nijsgjirrich om dêr noch ris oer troch te praten. Hoe sit dat yn dyn organisaasje?

 

Skreaun troch Ciska Noordmans